Van Aismadagen Heren Hoofdklasse (vrije formatie met 12 partuur) snein 25 augustus 2024

Wat in moaie dei wie it, folop sinneskyn en it publyk streamde moarns betiid al binnen.
Dat beloofde in dei te wurden mei in soad publyk en dêr dogge we it foar.

Der waarden spannende partijen ferkeatst mei de folgende winners: 1.Menno van Zwieten, (Grinslân ), Gabe-Jan van Popta (Boalsert) en Tjisse Steenstra (Bitgummole) (kening) 2. Bauke Triemstra (Sint Jacobiparochie ), Hendrik Kootstra (Minnertsgea) en Laas Pieter van Straten (Stiens ) 3.Gert-Anne van der Bos (Mantgum ), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Erwin Zijlstra (Easterlittens). Ek moai om te sjen dat Hans Wassenaar en Renze P. Hiemstra ek op it fjild stiene, ek al wie de reden wat minder troch blessures fan oare keatsers. Wa wit sjoche we se wer ris op it fjild😉

Tomke wie ek dizze dei op it fjild te finen en Jan Hoogland en Manon Draisma skriuwden der it folgende stik oer: ⬇️

“Wisten jimme dat wy Tomke ferline jier yntrodusearre hawwe op ‘e Van Aismadagen? Mei in spesjaal ferhaal dat Gryt de Groot oan de bern foarlêzen hat? 👋Dit jier wie Tomke wér op besite. Ek wenne ien fan de skriuwers fan Tomke by ús yn it doarp. Auck Peanstra✨ Sy is yn 2016 ferstoarn, mar ûnder oaren troch de ferhalen fan Tomke is se sa dochs noch by ús. Wat hat sy in protte minsken bliid makke mei har ferhalen. En wat fûnen de bern it aardich dat Tomke op besite wie by de Van Aismadagen!”

Hjir it facebook filmke oer Tomke fan Bitgummernijs Harm🎥⬇️ Facebook (fanaf 06.20 is it earerûntsje te sjen fan Jacob Wietse en Reina mei hynder en wein)

Jacob Wietse hie by de lêste gearkomste oanjûn ophâlde te wollen as foarsitter nei 6 folbrachte jierren.
Hiel spitich, mar ek hiel begryplik.
Der waard in spandoek foar him makke mei in skitterende foto en hy waard yn it skoft foar de finale mei hynder en wein oer it keatsfjild rieden.
In moaie opwaarmer foar de Van Aismadagen yn 2025 want dan wurde der wer hynders ferkeatst as prizen.

De dei waard ôfsluten mei muzyk fan Partyband Sunshine en Coverband LEAD 💃🕺🪩

Hjirûnder 📸foto’s fan Han Bosma en Henk Bootsma en🎥 filmkes fan Bitgumernijs Harm en OKK media⬇️

📸Die bin de foto’s die Han Bosma makke hat. Hjirûnder ⬇️komt de sessie fan Henk Bootsma. Beide prachtich en moai om werom te sjen!

Facebook

(1) Facebook

(1) Facebook

Facebook

Van Aismadagen | Recap Van Aismadagen 2024 🫶🏻 | Instagram

Ek noch in prachtich moai stik skrean troch Rynk Bosma oer de Van Aismadagen Balkearder (137) Moed – KNKB

Deel dit bericht