It IFK Jeu de Pelote yn Easterlittens is altyd in prachtich evenemint. De gesellige sfear, it plein, de keatsers en taskôgers soargje derfoar datst der graach komst. Foar OKK waard de earste wedstriid spile op freed 19 juny tsjin Spannum mei de folgjende útslach 8-5. Dit betsjutte dat Hans Wassenaar, Johan van der Meulen, Paul Dijkstra, Leon Wijning, Gerard de Vries, Yannick Hielkema en Walter Snieder woansdei 24 juny it opnimme mochten tsjin Frjentsjer mei de folgjende útslach, 8-0 foar Bitgum.
Tongersdei 25 juny mochten wy it opnimme tsjin Winsum. De manlju sieten der lekker yn en de wedstriid waard wûn mei 8-2. .Freed 26 juny waard de finale ûnder tige waarme omstannichheden keatst, lês “rûn de 36 graden”, tsjin Dronryp. We koene de earsten net oan ús kant krije, der waard faak op 6-6 spile mar Dronryp wûn mei 10-2. In tige moai twadde plak waard helle foar ús team. As ’t treft sit der in moai reiske oan te kommen, begjin oktober nei Valencia!
📸🎥 Hjirby foto’s van Henk Bootsma, filmkes fan KNKB media en OKK media.





















Deel dit bericht























