De dei begûn mei in moaie fytsreis rjochting Sweins, ek al gie de reis fia Skalsum, de manlju, Hans Wassenaar, Cornelis Terpstra en Johan van der Meulen wiene op tiid en fuortendaliks waarm om los te gean. De earste partij waard ferkeatst tsjin Peins mei winst foar Bitgum 0-5 2-6.
De twadde omloop keatsten de manlju tsjin Easterien mei de folgjende útslach 1-5 4-6. De finale gie tusken Deinum en Bitgum mei in behelle winst fan 2-5 6-6. Winst foar Bitgum op it NK 35 +!
It wie in moaie keatsdei en Sweins hie it allegearre mar bêst foarinoar. It feest sette troch yn Sweins mei muzyk fan de Jokers Wild band mei Gerrit Poortinga.
Der komt noch in huldiging, yn de rin fan it keatsseizoen hearre jim mear!
📸🎥 Kaatsnieuws Redactie, KNKB Media en OKK Media






Deel dit bericht
























