Freed 12 desimber hiene we de neijiersgearkomste mei in opkomst fan mar leafst san lytse 100 leden, ereleden en minsken die nijsgjirrich wiene nei 煤s jubileumboek 馃摋.
Wy koene werom sjen op in prachtich moai jier mei ekstra aktiviteiten. It Llargues tanksij de Llargues kommisje, de hynsteshow en de f么len. De sponsorkommisje hat it dit jier ekstra drok h芒n mei it oanl没ken fan hynstesponsors en de sponsorj没n d锚r’t Syb van der Ploeg in prachtige persoanlike en muzikale bydrage yn oanlevere hat. De jeugdkommisje hat ek 煤tpakt mei ekstra aktiviteiten en se hawwe in soad dien foar it kompetysjekeatsen fan de jeugd.
OKK biedt keatsen oan op alle nivo’s en inoar moetsje is hiel belangryk. Dat wolle wy trochfiere yn it Van Aismawykein. Wy sille de sneons wat unyks dwaan. De bekende d.e.l. haadklasse bliuwt bestean. D锚rneist kin elkenien meidwaan, want we sille in wylde partij organisearje op sneon 22 augustus 2026.
Der binne plannen, tegearre mei de fuotbalklup, oare sportferienings en doarpsbelangen foar in nije akkommodaasje op sportkompleks ‘ It Bosk ‘. It sil noch wol wat jierren duorje mar der wurdt mei-inoar hurd oan wurke. Arnaud Ladenius de pongh芒lder hie de saken goed foar inoar. Willem Postma, 么fdieling PR hie in prachtich filmke oer it jier 2025 makke en stjit op 煤s website 没nder de kop “video jaaroverzicht” 2025.
Doe folge it programma foar it boek. Jan hoogland begeleide dit diel fan de j没n en iepene mei in prachtige speech. Wy krigen in kado fan Lyts O.K.K., wy meie in moaie nije flagge 煤tsykje hielendal 没ntwurpen nei 煤s eigen winsken. Ate de Jong lies syn kollum 煤t it boek foar, oer Tjisse Steenstra, “Suver zen op it Sj没kel芒n”. Tige tank d锚rfoar. De earste eksimplaren waarden 煤trikt oan Hedzer Terpstra, foarsitter fan O.K.K. yn it jier 1995 en Tineke van der Schaaf, frou fan foarsitter Hendrik van der Schaaf (yn neitins) fan Reitsje Him yn 1995, it jier wer鈥檛 煤s boek begjint mei twa herten ien famylje, de f煤zje tusken beide ferienings.



















Jan Hoogland, begelieding en tekstbewerking, Janna de Groot en Manon Draisma , skriuwers en interviewers.
Link foar filmkes oer Willem Rijpstra en syn swarte jas 猬囷笍
鉃★笍https://youtube.com/shorts/4lmeQHXaW2w?si=4uHsxLFaq4EYP1kc
鉃★笍 https://youtube.com/shorts/TFeUNC8ZgxA?si=wk-644sBIJO60j2V
馃帴 Bitgumernijs Harm (4) Facebook en 馃摳Han Bosma
As l锚ste:
De sinne is frij, om heech te gean.
H没nderttritich jier. In 芒ldens dy鈥檛 je as minske (noch) net berikke kinne, mar as ferieniging al. Dat hawwe wy mei-inoar foar elkoar krigen: it resultaat fan ynset, trochsettingsfermogen en leafde foar it keatsen. Je soene der wol in boek oer skriuwe kinne. En neidat Hedzer Terpstra dit oppere yn 鈥檈 foarjiersgearkomste fan 2023, is dat presys wat wy dien hawwe.
It jubileumboek fan 130 jier O.K.K. Beetgum. Hjiryn kinne jim it ferhaal l锚ze fan de slach
tusken 1995 en 2025. De ferhalen fan d锚rfoar binne al ris publisearre, lykas yn de jubileumboeken Tusken Gripe en Telegraaf en 100 jaar Gripe.
De l锚ste tritich jier wie in tiid fan feroaring, ferbining en groei. Twa Bitgumer keatsferieningen waarden ien, lokale talinten as Andr茅 Kuipers en Tjisse Steenstra feroveren de Fryske fjilden, mar it wie benammen ek in perioade fan it genietsjen fan de lytse dingen dy鈥檛 keatsen sa moai meitsje.
Dit boek giet dan ek net allinnich oer prestaasjes en earsten. It giet oer belibbing. Oer markante minsken, famylje, gearwurking en boppe-al oer de 没n煤tputlike ynset fan 煤s trouwe frijwilligers, minsken dy鈥檛 s没nder fragen dienen wat dwaan wurde moast.
Fan 2023 么f oant it begjin fan 2025 hawwe wy minsken byinoar brocht en ferhalen sammele. Wy hawwe, 没nder begelieding fan Jan Hoogland, 煤s b锚st dien om fan al dy ynput in boek te meitsjen dat O.K.K. Beetgum eare oandocht. It gearstallen fan dit boek wie in tiid fan ferbining troch ferhaal.
Wy hawwe derfan genoaten, en hoopje dat jimme dat ek dwaan sille. Wy binne der wis fan dat O.K.K. in nije dei te wachtsjen stiet, fol talinten, moaie mominten, frijwilligers en stipers. Mar ek fol gearwurking, lykas mei oare ferieningen yn 煤s doarp.
Lit 煤s sa trochgean. Foar de minsken, stiftingen, sponsors en oerheden dy鈥檛 煤s stypje. Foar 煤s doarpen, 煤s gemeente en 煤s unike heitel芒n. Mar ek foar 煤ssels: foar de ferbining, sinjouwing en om fan betsjutting te w锚zen. Ut respekt foar dejingen dy鈥檛 net mear 没nder 煤s binne, mar har folslein ynset hawwe.
En lit 煤s benammen ek trochgean foar al dy gouden frijwilligers, dy鈥檛 har soms al tsientallen jierren belangeleas ynsette foar 煤s feriening.
S没nder jim gjin O.K.K.
Tige tank.
Bestjoer O.K.K. Beetgum
It boek is te bestellen by Arnaud Ladenius, penningmeester@okkbeetgum.nl as by Janna de Groot, jan.janna@outlook.com.
馃摋Jubileumboek Stipers:
Iepen Mienskipsf没ns, Provinsje Frysl芒n
J.H. van Aisma Stichting
Stichting Fonds Bolsward – Dronryp 1993
Stichting M.S. de Vries
Skriuwers en ynterviewers: Janna de Groot – van der Schaaf en Manon Draisma – van der Wal
Meil锚zers: Albert Nauta en Frans Dijkstra
Oersetter: Martsje de Jong
Begelieding en tekstbewurking: Jan Hoogland
Grafysk 没ntwerp: Sjoukje van der Velde
Byld ynterviews: Harm Postma
Foto鈥檚: Anne Waterlander, Digitale kolleksje Keatsmuseum, Foto Koopmans Dronryp, fotopersburo Martin de Jong LC, Han Bosma, Henk Bootsma, Henk Hempenius, KNKB Media, M. Andringa Fotografie LC, O.K.K. Argyf, Pier de Haan
Druk: Speciaaldrukkerij Douma, Dokkum
鈿撅笍馃憢馃徎馃挌
Deel dit bericht
























