Foarich jier wisten wy as organisaasje al dat dizze sneon oars wurde soe. Wy woenen mear mei inoar moetsje, mear reüny, keatse op ferskate nivo’s en wat minder ynset fan frijwilligers, tink oan karmasters.
Mar wy woene ek wat nijs. Iets mei in eigen styl, iets dat hielendal by dizze keatstiid en by ús
past. Wy woenen der alles oan dwaan om hjir foar de kommende jierren in moaie, nije partij del te setten. No fan ien ding wiene wy wis: dit soe in soad extra tiid freegje.
Dêrom hawwe wy dit jier in wurkgroep ynsteld. Sy hawwe ús holpen om oan dizze dei in
prachtige nije ynfolling te jaan. En dat is tige slagge. Mar net allinnich de wurkgroep, ek ús fêste kommisjes en alle oare frijwilligers hawwe in stapke ekstra dien. Tink oan ús fjildliskommisje. De sponsorkommisje, die speciale sponsoren fûn hawwe foar dizze wylde partij. Mei in wiere haadsponsor. Jimme hawwe hjir en der wol it logo fan KSF sjoen. Dat is Jos Smit, mei syn bedriuw Koelservice Friesland.
Hoofdsponsors
Koelservice Friesland
Prijzen zijn mogelijk gemaakt door:
Hotel Eetcafé Duhoux, Het Grauwe Paard Marssum, Keurslagerij Schreiber, Vion Food Group, Food Family, Weidenaar



De Wylde partij waard begeliedde troch Kor Zittema en we hiene skiedsrjochters, selts ien út Amsterdam, in moaie ploech nammentlik: Lolke Bierma, Johny Bergsma, Durk Houtsma, Geartsje Algra, Jenco Sieperda, Johannes Wolbers, Marco Fijma, Fokke van der Veen en Kees Laanstra, der hie Theo de Vries syn bést efkes foar dien. Se ha in prachtiche dei hant. Us wylde yndiaan Ivo Poelsma hat syn rol ek treflik ferfolle, wat kin die man yndianen lûden meitsje sis. Die Folkert Hans fleach ek as yn Wylde oer it fjild mei syn fyts en wat in muzikaliteit en wille ha we belibbe. Us kopkeatser hat gjin spierpine hant en selts syn partoer foar folgjend jier al féstlein! Foar der bern wie der knutseljen, se koene in hoofdtooi meitsje.
Der binne de twa wrâlden by elkoar kommen.
It keatsen, ûntstien yn de midsiuwen, hat syn eigen paad fûn, mar djip woartele yn de Fryske grûn. En oan de oare kant fan de wrâld: de mienskippen fan Native Americans, mei harren sterke ferbining, tradysjes en symboalen.
Twa wrâlden, fier útinoar en dochs sa ticht by elkoar.
En der wie noch wat bysûnders: der mocht per omloop ien kear in slach op ’e nij spyle wurde. Dêrfoar wie der in Wylde Joker, dy’t oan de tillegraaf hong. Dit hat foar leuke taferelen soarche op it keatsfjild.

Hjirbij de winnaars fan dizze Wylde dei:
Dames Verliezersronde
1.Shalina Pander, Geanne Aber, Romy van der Veen
2.Kirsten Sinnema, Femke van der Beek, Ylse Postma
3.Pietsje Wijbenga, Anne Wyke Bouma, Selma van der Wal
Dames winnaarsronde
1. Dymphna Post, Sandra Hofstra, Tineke Greidanus
2. Wendy de Vries, Tineke Hollenga, Mariska Hoogland
3. Brecht Smit, Amarens Noordenbos, Annebaukje Bloem
Heren Verliezersronde
1. Jelmer Kuiken, Michel van der Veen, Mathieu de Keizer
2. Wesley Schaap, Boudewijn Tulen, Johan Kwast
3. Douwe Dijkstra, Jurrit Kuipers, Menno Osinga
4. Kevin de Boer, Arne Tichelaar, Sjors Wiersma
4.Diego Ardjosoediro, Brendon Cutrus, Germ Wielenga
Heren winnaarsronde
1. Wytze Wassenaar, Jurrit Osinga, Kees van der Schoot
2. Anne Wind, Nick Leistra, Bareld Bos
3. Elgar Boersma, Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat
4. Michel Nesse, Chris Outhuijse, Rick Alberda
4. Willem Miedema, Tjitse Ben Hoekstra, Kevin Hoekstra
5. Rients Julianus, Jan Brandt Wiersma, Brandt de Vries
5. Paul de Groot, Pier Piersma, Bauke Folkerts
5. Kjell Dijkstra, Krijn Hiemstra, Rein Hiemstra
5. Thom Dijkstra, Andre de Vries, Boas Bruinsma
Hjirby moaie foto’s 📸fan Han Bosma, byld 🎥📸 fan Bitgumernijs Harm en🎥 KNKB Media






















































































Deel dit bericht























