Heren Hoofdklasse (d.e.l. 10 partuur) & 1e klasse kaatsen (d.e.l. onbeperkt) sneon 24 augustus 2024

De dei begong mei wat motrein mar it waard lokkich gau sinnig. It fjild moast opromme en de banken skjin. Guon hawwe in sterke mage en kinne de tinte oft it plein better skjinmeitsje en guon mei in swakke mage kinne better de banken drûchmeitsje. 😉

Útslachen bij de heren eerste klas: Jorrit Nanninga, Willem Miedema en Laas Pieter van Straten wûn de finale tsjin Thom Stellingwerf, Jan Bauke Tolsma en Leon Wijning. 3e waarden Mark Minnesma, Rink Sterk (bijgeloot) en Brent Timmerman (bijgeloot) en it partoer fan Corné Tuinenga, Jelvin Kaper en Jelmer Osinga.

Útslachen bij de Hoofdklasse: Menno van Zwieten, Jelle Cnossen en Erwin Zijlstra winne de finale nei efterstân fan 5-3 tsjin Marten Bergsma, Gabe-Jan van Popta en Rick Minnesma (ynfaller Jurrit Osinga ).
Steven Koster, Jelmer Miedema en Pieter van der Schoot waarden tredde.
Menno van Zwieten waard mei algemiene stimmen keazen ta kening 👑fan de partij.

Tomke wie der ek bij dizze dei en makke in soad bern bliid! Ek wiene der minigames organisearre foar de jeugd fanaf groep 3. Mei in panty op ‘e holle mei dêryn in tennisbal en dan flessen wetter omgooie sûnder hânnen is in keunst, mar it slache de bern aardich 🤸‍♂️!

Arie Bottinga hie nije oanwiis stokken makke foar de karmasters foar froulju en manlju. (sjoch foto⬇️)

We koene alles krekt oan ‘e kant krije foardat it begong te spielen, de planning wie goed! De dei waard ôfsluten mei om te begjinnen zangduo Roel & Marty en dernei Svenergie, DJ All Tha Fokk en Frisian House Nation. 🕺🪩💃

Hjirúnder filmkes en foto’s fan dizze moaie dei. ⬇️ Makke troch 🎥KNKB media,🎥OKK media 📸Han Bosma

(2) Facebook

(2) Facebook

(2) Facebook

Deel dit bericht