De dei begûn mei prachtich waar en us foarsitter Manon Draisma-van der Wal starte mei de folgjende speech:
Wolkom allegearre by wer in nije edysje fan de Anton de Haan partij. In partij dy’t sûnt 1994 organisearre wurdt. Guon fan jimme binne doe miskien berne. Yn datselde jier waarden ek oare talinten berne, tink mar oan Memphis Depay en Max Verstappen.
Mar wylst der nij libben kaam en it inisjatyf foar dizze earsteklassepartij ûntstie, einige der ek wat. En dan haw ik it oer Anton de Haan. Fjiersten te betiid is er ús ûntfallen. Hy waard mar begjin fjirtich jier.
Anton wie in goeie keatser by ús eardere Bitgumer keatsferiening Reitsje Him, dy’t doe ûnderdiel wie fan de CFK. Hy wie in letbloeier, sa fertelde Thys my dizze wike noch. Thys hat tegearre mei Anton sels in NK wûn. Anton koe geweldich keatse, foaral sterk opslaan. Der hinget hjir hjoed in prachtige aksjefoto fan him oan ‘e opslag.
Anton wie in man dy’t keatse soe en moast. Ek al wie dat troch de saak fan syn heit net altyd maklik, keatser Anton stie der. Oant it lêste ta. Ek doe’t er troch in melanoom in gat yn it skouder hie fan hast de grutte fan in tennisbal, bleau er trochsetten. Hy stie der en joech net op.
Ek syn famylje set troch. Noch altyd stimulere sy it keatsen en sponsorje sy dizze earsteklassepartij. Dêr meie wy harren tige tankber foar wêze. Se binne hjir hjoed ek.
De oanwêzichigen joegen de famylje in grut applaus!
Hjirby de priiswinners fan in geweldige keatsdei:⬇️
1e priis; Wiebe van Wier, Marten Leijenaar en Klaas Pier Folkertsma. 2e priis; Youri de Groot, Mark Minnesma, Jan Bandstra. 3e priis; Thom Stellingwerf, Hendrik Jan van der Velde, Dirk-Henk Kuipers.






Deel dit bericht
























