Pinkstermoandei wie it NK Senioaren yn Frjentsjer. Mei 50 partoer op de list sei it ta in moaie dei te wurden. Walter Snieder, Yannick Hielkema en Gerard de Vries, Bitgum 2, mochten as earste los en wûnen de 1e omloop. De twadde omloop ferlearen se spitigernôch mar hiel aardich en deeglik keatst hearen.

Bitgum 1 wie partoer nr 49 mei Paul Dijkstra, Hans Wassenaar en Leon Wijning. Se wûnen 4 omlopen troch deeglik te keatsen en te piken op it goede momint. Oant dat dêr de 5e omloop kaam tsjin Dronryp, tsjin ús eigen Tjisse en maten. It wie in spannende partij. It begûn mei in earst foar, doe 1-1, doe 3-1 foar mar al snel 3-5 efter. Mar dochs waard it 4-5 en 6-6 wêrop’t Tjisse wol sa’n meunsterbal opsloech, dy koe net ferwurke wurde. Goed striden hearen en lokwinske mei de moaie behelle 3e priis!
Sneon 23 maaie wie it NK junioaren dêr’t Rimar van der Schaaf, Leon Wijning en Roan Luimstra harren keunsten fertoane mochten. De earste omloop wie der winst mar de 2e omloop tsjin Frjentsjer koene se net hâlde.
Goed keatst manlju en op nei in fantastysk seizoen mei noch mear krânsen ⚾👋💚

Deel dit bericht
























