De dei begong prachtich mei folop sinne en in moaie dielname. We setten útein mei koffie en allegearre lekkers op tafel. Dêr ha we hearlik fan iten. Der waarden spannende partijen ferkeatst.
Tuskentroch waarden der ek prizen ferlotte, der waard dan troch Lolke Jan omroppen: “wa’t by de hearen de earstfolgende bal boppe slacht wint in hearlik pakket fan Lucie Tsiis on Wheels” of
“by de froulju de earste de bêste sitbal wint in tas fol boadskippen”.
It wie foar Albert Nauta in memorabele dei want lang om let wie nei jierren ” de flok ” derôf want hy wûn de Gripe en krige de ” de Gripe bal ” om ‘e nekke hongen. It wie foar Elise Schaaf ek har earste kear winst op de Gripe en se krieg dan ek de sulveren leppel mei nei hûs.
Al mei al wie it in tige slagge dei en Gripe Kommisje tige tank foar de organisaasje.
Alle winnaars lokwinske en dit wie de ôfslutende keatspartij foar de leden en op nei 2025. ⚾👋💚
Hjirûnder foto’s en filmkes fan dizze moai dei 🎥📸Bitgumernijs Harm en OKK Media!












































































































































Deel dit bericht
























