Wat wie it wer in moaie gripe dei. We hiene der moai waar by. Der waarden spannende partijen ferkeatst en de bern hawwe har ek wer bêst fermakke yn it treintsje. Dit wie wer de lêste ledepartij foar dit seizoen. Hjirby noch foto’s en byld fan ‘e priiswinners en ‘e dei selts. Nochris lokwinske allegearre. Gripekommisje bedankt! Oant takom keatsseizoen! …
Heren Haadklasse snein 23 augustus 2026
De Van Aismasnein begûn mei 12 partoer op ‘e list ûnder lieding fan Henk van der Zee. De fietsen fan Jan Terpstra Cycling World stiene wer te pronk neist de bestjoerstinte. Der waard deeglik keatst en der wiene moaie partijen. We hiene it waar mei en der kaam in soad publiek te sjen. Serinde Ladenius droech in gedicht foar makke …
Wylde van Aisma partij sneon 22 augustus 2026
Foarich jier wisten wy as organisaasje al dat dizze sneon oars wurde soe. Wy woenen mear mei inoar moetsje, mear reüny, keatse op ferskate nivo’s en wat minder ynset fan frijwilligers, tink oan karmasters.Mar wy woene ek wat nijs. Iets mei in eigen styl, iets dat hielendal by dizze keatstiid en by úspast. Wy woenen der alles oan dwaan om …
Heren Haadklasse sneon 22 augustus 2026
De hearen haadklasse gong om 11.00u los ûnder lieding fan skiedsrjochter Joop Dijkstra. Der foel sa no en dan een bui mar oer it algemien ha we prachtich keatswaar hant. In protte partijen waarden ferkeatst op 5-5 en 5-4. Tomke kaam ek wer del mei wat lekkers en de bern koene knutselje, foar elts wat wils. De priizen, dinerbonnen, waarden …
Jong van Aisma, 21 augustus 2026
Jong van Aisma starte op freed om 14.45 oere dêr’t de earste dielnimmers ynstapten yn de Van Aisma bus. Der stiene wer meardere telegrafen troch ús trije doarpen dêr’t ús lytse dielnimmers yn stappe koene. Wat is it altyd moai om te sjen hoefolle wille de bern hjiroan belibje. Dêrnei folge de iepening, it wie in útfiering mei kening Tjisse …
KNKB 50+ keatsen op de Van Aismadagen, 21 augustus 2026
De freeds begong mei gesellich kofje drinke mei gebak yn it Van Aisma café. Der wiene in oantal karmasters op ‘e line en it 50+ keatsen sette om 10.00u út ein mei de skeidsen: Leendert van Wieren, Kor Zittema en Jan Wierstra en wedstriidlieders Douwe Wijning en Johan van der Meulen. Dizze dei stie yn it ramt fan moaie partijen …
Verloting Van Aismadagen
VAN AISMA VERLOTING Hierbij nog een aantal winnende lotnummers: Ballonvaart voor 2 personen (aangeboden door Cobusson bedrijfs- en garagedeuren – Grou) OPGEHAALD Waardebon Expert Meijer Sint Annaparochie t.w.v. €200,- (aangeboden door Expert Meijer – Sint Annaparochie OPGEHAALD Waardebon PM Mannenmode t.w.v. €100,- (aangeboden door PM Mannenmode – Frjentsjer) OPGEHAALD Dinerbon Hotel Eetcafé Duhoux De Grand Cour t.w.v. €50,- (aangeboden door Hotel …
Programmaboekje “Van Aismadagen” 2026
Hjiryn fynst it folsleine programma fan de Van Aismadagen!🙌 It programmaboekje is hûs-oan-hûs besoarge yn de trije doarpen,📬 mar altyd handich om efkes digitaal rieplachtsje te kinnen 📲. Nei hokker keatspartij, aktiviteit of artyst sjochsto it measte út?👀
Bitgum de 2e priis op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens.
It IFK Jeu de Pelote yn Easterlittens is altyd in prachtich evenemint. De gesellige sfear, it plein, de keatsers en taskôgers soargje derfoar datst der graach komst. Foar OKK waard de earste wedstriid spile op freed 19 juny tsjin Spannum mei de folgjende útslach 8-5. Dit betsjutte dat Hans Wassenaar, Johan van der Meulen, Paul Dijkstra, Leon Wijning, Gerard de …
Bitgum winner op it NK35+
De dei begûn mei in moaie fytsreis rjochting Sweins, ek al gie de reis fia Skalsum, de manlju, Hans Wassenaar, Cornelis Terpstra en Johan van der Meulen wiene op tiid en fuortendaliks waarm om los te gean. De earste partij waard ferkeatst tsjin Peins mei winst foar Bitgum 0-5 2-6. De twadde omloop keatsten de manlju tsjin Easterein mei de …

































