Jong van Aisma, 21 augustus 2026

Jong van Aisma starte op freed om 14.45 oere dêr’t de earste dielnimmers ynstapten yn de Van Aisma bus. Der stiene wer meardere telegrafen troch ús trije doarpen dêr’t ús lytse dielnimmers yn stappe koene. Wat is it altyd moai om te sjen hoefolle wille de bern hjiroan belibje.

Dêrnei folge de iepening, it wie in útfiering mei kening Tjisse mei de nije Wylde stêf en fleanende roeken, roek Marten, Cornelis, Rick, Menno, Leon en Hans woene de stêf wer ôfpakke mar it is se net slache, lokkich mar want oars koe de Wylde van Aisma de sneons ek net los. Mei spesjale tank oan Peter Groothoff en Bjorn Andela foar it restaurearjen fan dizze moaie Wylde stêf.

Der wie ek in frijwilliger dy’t it wolris tiid fûn dat ús keatsfjild in namme krige. Dat is wurden:” It Roekelân “. In namme dy’t ferwiist nei de bynamme fan de Bitgumers, de Bitgumer roeken, én nei de skiednis fan dit plak. De roek stiet bekend om syn tûkens, syn mienskipssin en syn trou oan de groep. Eigenskippen dy’t wy ek weromsjogge by ús frijwilligers. Wy meie syn namme eins net neame, mar as jo it ek san moaie en earfolle namme fine, bring dan jo komplimint efkes oer oan Sije Boterhoek.

Sjoch it filmke fan Bitgumernijs Harm ➡️🎥Facebook. (6) Facebook Hjir it ferhaal:⬇️

Foar groep 1 o/m 2 wie der in spultsjes plein. Groep 3 o/m 8 fermakken harren mei in keatsclinic en der wie ek noch in fernuvering ien ‘e tent fan Marten de Vries, flakby de fytsestalling. Der wie in frommeske mei allegearre nuvere bisten, hagedissen, in skyldpad en ja selts slangen. Foar it fuortset ûnderwiis o/m 17 jier wie in moordspel organisearre. De bern ha ek allegearre lekker iten fan de patat fan Jannie.

Al mei al wer in tige slagge middei foar de jeugd. Hjirby moaie foto’s fan Han Bosma en bild fan Bitgumernijs Harm.

🎥Facebook

De jûn waard ôfslûten mei de Bitgumer Borrel Bingo en der hawwe noch nea safolle bingo’ers west. It wie wer in gesellich gehiel ûner lieding fan Theun Larooi, Tiede Dijkstra en DJ Quickfinger en us sjarmante assistinte Imre Dijkstra. De wurkgroep hie wer geweldich syn bêst dien en der wiene prachtiche prizen te winnen. Hjir nog in filmke, druk op de downloadknop ⬇️

Deel dit bericht