VAN AISMADAGEN Heren Haadklasse snein 24 augustus “130 JIER OKK”!

Wy begjinne mei it filmke fan KNKB TV foarôfgeand oan de Van Aismadagen ⬇️

Nei in perioade fan yntinsyf gearwurkjen en tarieden kinne we sizze dat we mei de “Van Aismadagen” in moai spektakel delsetten ha. Der wie fan alles te belibjen foar jong en âld. De arena hat noch nea sa gau stien mei help fan al dy frijwilligers, sels mei ekstra tribune. De oanklaaiïng wie oant yn’e puntsjes fersoarge mei flaggen en blomstikken fan ‘e blommefruolju. It Van Aismacafé wie moai oanklaaid. De catering hie it drok en wie yn nije shirts stutsen. Mar ek de karmasters hiene in nei boesgroentsje.

Der waard keatst ûnder lieding fan skeidsrjochter Johny Bergsma en de keatskransen waarden oanbean troch de bern fan Jap en Foot van Loon. Tjisse wûn foar de njoggende kear de Van Aismadagen. Hy evenaart it rekôr fan Tunno Schurer. Puntsje is wol dat Tjisse 1 x faker kening wurden is.

Hjirbij de winners:

1e Menno van Zwieten (Burgum), Rick Minnesma (Dronryp), Tjisse Steenstra (Dronrijp) Kening

2e Johan Sipma (Ljussens), Gabe Jan van Popta (Bolsward), Hendrik Kootstra (Minnertsga)

3e André van Dellen (Leeuwarden), Thomas Dijkstra (Berltsum), Laas Pieter van Straten (Stiens)

Foardat de finale losgie kamen earst bern it fjild op mei in tal âlders, yn âlde keatsklean, om it publyk te entûsjasmearjen. Doe kaam Iris Sijtsma mei har hynder Fedde in fantastyske show jaan. Dêrnei kaam ús foarsitster Manon Draisma-van der Wal mei de findel en kransdragers it fjild op en dêrnei kamen de fôlen. Wat in belibbenis en moai organisearre show.

Mei dizze foto en film reportaazjes belibje we de dei nochris ⬇️

📸Han Bosma en Henk Bootsma

Moai stik oer de Van Aismadagen fan Rynk Bosma⬇️

Balkearder 156: Blauwe loften | Koninklijke Nederlandse Kaatsbond

🎥 Bitgumernijs Harm

(1) Facebook

(1) Facebook

(1) Facebook

Deel dit bericht