VAN AISMADAGEN Sponsorjûn 21 augustus 2025

Dizze jûn stie yn it ramt fan alle sponsoaren en frijwilligers dy’t OKK ryk is. Sûnder sponsoaren en frijwilligers gjin OKK. De jûn begûn mei in speech fan foarsitster Manon Draisma-van der Wal. Under har speech kundige se oan dat der noch wat minsken misten. Doe kamen de winners fan 50 jier lyn, 1975, Jarich van der Veen en Johannes Westra, (Flip Soolsma is spitigernôch net mear ûnder ús) tegearre mei de winners fan 25 jier lyn yn 2000, André Kuipers en Chris Wassenaar (Pieter van Tuinen koe net oanwêzich wêze) mei hynder en koets it fjild op ride. Mei in moai earerûntsje op it fjild waarden se yn it sintsje set. Nei in noflike rit mei it hynder en wein fan dhr. Koster waarden de hearen begelieden nei de tinte mei in moai bosk blommen. Dizze jûn waard muzikaal omlist troch Syb van der Ploeg (fan de Kast) en Wiebe Kaspers. Kor Zittema en Albert Nauta giene mei dizze manlju yn petear wat resultearre yn in jûn fol mei klank net allinnich út ynstruminten mar ek yn gefoel. De jûn wurdt ôfsletten mei muzyk fan Orkest Let’s Go.

In jûn wêryn’t elkenien genietsje koe fan muzyk en sport.

📸Han Bosma

Deel dit bericht