OKK froulu’s partij dames Hoofdklasse en eerste Klasse snein 6 juli

Ofrûne snein hiene we froulju keatsen yn Bitgum. De Bitgumerfjilden wiene moai oanklaaid mei flaggen en blommen fan Rob’s tuincentrum út Menaam, dêr tige tank foar. Der waard ûnder prima waarsomstannichheden keatst mei in lyts buike. De foarsizzing wie de hiele dei rein dat wy ha it troffen. By de froulju haadklasse waard yn pûl keatst en by de earste klasse wie in gewoane list. Lolke Bierma út Amsterdam, skiedsrjochter by de froulju Haadklasse wie dy moarns as earste presint op it fjild en Willem Postma wie skieds by de 1e klasse. Der waard hjir en dêr spannend keatst, mar ek inkelde partijen mei 5 -0. Henk Hempenius wie de hiele dei ek oanwêzich en die ferslach foar Omrop Zilt. We hiene in oantal blokjerinners dy’t foar it earst mei diene en wat diene se dat goed, en ek de telegrafisten wiene by de les. Al mei al in tige slagge dei dy’t ôfsletten waard mei in hapke en in drankje.

📸Henk Hempenius en OKK media

Link voor de uitslagen dames HK ⬇️

DAMES HOOFDKLASSE | Koninklijke Nederlandse Kaatsbond

Link voor de uitslagen dames 1e klasse⬇️

DAMES 1E KLASSE | Koninklijke Nederlandse Kaatsbond

Link reel instagram ⬇️

https://www.instagram.com/reel/DLxFxu0NH7z/?igsh=MXZhMmU3c2I4bTNpbg==

Deel dit bericht