De Van Aismasnein begûn mei 12 partoer op ‘e list ûnder lieding fan Henk van der Zee. De fietsen fan Jan Terpstra Cycling World stiene wer te pronk neist de bestjoerstinte. Der waard deeglik keatst en der wiene moaie partijen. We hiene it waar mei en der kaam in soad publiek te sjen. Serinde Ladenius droech in gedicht foar makke troch Dieuwke Dicht. Grutsk op Serinde, gean mar ris foar safolle publyk der stean. (Byld OKK media🎥(6) Facebook ) ⬇️it gedicht fan @dieuwkedicht!

Yn ‘e pauze hiene we dweilorkest “De útlopers” út Snits en die setten de boel op ‘e kop, wat in sfeer en gesellichheit. Se namen de feesttinte en bestjoerstinte ek noch efkes mei 🎷🎶🎺( sjoch byld fan Bitgumernijs Harm en OKK media(6) Facebook )
Hiene jim de findels op ‘e poarte wol sjoen? Oanbean troch Lyts OKK mei ús 130 jierrich jubileum, tige tank!



En de kers op de slachrjemme op de taart wie dat ús jonges, Roan Luimstra, Joachim Schaaf en Jouke Hoornstra mei coach Thom Dijkstra, op it NK Jonges yn Jobbegea de 2e priis yn de wacht sleepten op in tige spannende keatspartij mei alles oan ‘e hang. Nochris lokwinske! Dit foel tagelyk mei de Van Aisma snein, it wie earder ôflaske i.f.m. ekstreme hitte.






Hjirby de priiswinnaars op de Van Aisma snein:⬇️
| 1 | Menno van Zwieten (Burgum) | Rick Minnesma (Dronryp) | Tjisse Steenstra (Dronryp) (Kening) |
| 2 | Johan Sipma (Ljussens) | Gabe Jan van Popta (Bolsward) | Hendrik Kootstra (Minnertsga) |
| 3 | Peter van Zuiden (Bolsward) | Allard Hoekstra (Franeker) | Kevin Jordi Hiemstra (Leeuwarden) |
Yn útrekkene Bitgum wurdt Tjisse Steenstra foar de 100e kear kroand ta keatskoning.👑De meast suksesfolste Van Aismakeatser aller tiden.
Foto’s 📸Han Bosma en hjir de link foar Henk Bootsma syn oandiel ➡️(9) Facebook (1) Facebook




































































Mear byldmateriaal Bitgumernijs Harm en OKK media ⬇️
Mei nog it merke gesjouw yn it liif gean we moarn Gripe keatsen. Komme jimme de keatsers oanmoedigjen?

Deel dit bericht























