Juster hiene we de froulju’s haadklasse VF op besite yn Bitgum. It wie yn ‘e moarntiid hearlik waar, mar dat feroare al gau doe’t de sinne achter de wolken bleau. De karmasters efter de perken hiene al gau fjouwer jassen oan en letter in paraplu efter har om de wyn te kearen.
It wie ek memmedei en we hiene betocht mei wat lekkers lâns it publyk te gean.

De prachtige krânsen kamen by Willy’s Blomke út Wjelsryp wei, en de froulju’s priizen wiene weardebonnen fan Juwelier Kramer. Henk Hempenius hat in moai ferslag fan dizze dei op syn Facebook pagina.

Der waard poulekeatst mei 6 froulju’s partoeren. In leuke finale mei de folgjende winners:
1e priis Larissa Smink Makkum, Anouk Smink Makkum, Senne Idsardi Dronrijp (K)
2e priis Iris Veltman Dronrijp, Rixt Wijnia Berlikum, Jeldau Koopmans Lollum
Betanke oan alle frijwilligers dy’t wer ree wiene om harren funksjes te beklaaien. Moai dat alle plakken beset wiene. Sûnder jim gjin keatsen. ⚾👋💚
Foto 📸Han Bosma ⬇️



































Deel dit bericht
























