Achte leden, Sjogge wy jimme by de Nijjiersbuorrel?🥂 Dan proaste we tegearre op in fantastysk en sportyf 2026! I.g.m. VV Bitgum, Doarpsbelang Bitgum, Sportcomplex it Bosk en Pleatslik Belang Bitgummole. It wurdt wer gesellich 💃🪩🕺
Neijiersgearkomste 12 desimber 2025 en presintaasje jubileumboek “In nije dei”.📗
It boek is te bestellen by Arnaud Ladenius, penningmeester@okkbeetgum.nl as by Janna de Groot, jan.janna@outlook.com. Freed 12 desimber hiene we de neijiersgearkomste mei in opkomst fan mar leafst san lytse 100 leden, ereleden en minsken die nijsgjirrich wiene nei ús jubileumboek 📗. Wy koene werom sjen op in prachtich moai jier mei ekstra aktiviteiten. It Llargues tanksij de Llargues kommisje, …
Utnûging nijjiersgearkomste 12 desimber 2025 en presentaasje Jubileumboek 📗
Notulen voorjaarsvergadering 21 maart 2025
Yn neitins, Willem Rijpstra💚20-11-2025 ✝️
Wy ha it fertrietlike berjocht krigen dat Willem Rijpstra op 20 novimber ferstoarn is. Spitigernôch wie Willem al wat minder oanwêzich, mar we binne bliid dat we him noch sprutsen ha foar it jubileumboek. Manon en Janna hawwe koartlyn by Willem west en ha stikjes út it jubileumboek foarlêzen. Ek Arnaud kaam geregeld by Willem op besite. Wat sille wy …
Jubileumboek 📗
💚Us jubileumboek is klear! It is no oan de drukker! 📖Fan maart 2023 ôf hawwe wy oan dit projekt wurke. It is in boek wurden dat giet oer de perioade fan 1995 oant en mei 2025. It giet oer mear as allinne prestaasjes en earsten – Dit boek gjit oer belibbing, frijwilligers, saken dy’t it keatsen en O.K.K. sa moai …
RaboClubSupport
Wat in moai bedrach hawwe wy krigen fan de Rabobank foar de Raboclubsupport, € 1303,99! Alle RABO-leden dy’t op ús stimd hawwe wolle wy hertlik betankje. Hjir kinne we wer wat moais mei dwaan foar ús leden !
Aftermovie Van Aismadagen augustus 2025
Wauw! 🤩 Dizze aftermovie nimt ús wer hielendal mei werom nei de Van Aismadagen 2025. Wat wie it in prachtich wykein! 🙌🏻 It is al wer 1,5 moanne lyn, mar wy sjogge mei in grutte glimk werom op in slagge edysje. Wy hoopje dat jimme dat ek dogge! 💛 🎥 Tank oan Robin Bruinsma – Creative Studio foar it meitsjen …
Champions League Llargues Bitgum
Nei wiken fan gearkommen en opbouwen troch de Llargueskommisje en frijwilligers, kin op freed 26 septimber de iepeningsseremoanje dan lang om let losbarste. Wat is it in feestlik gehiel wurden. Alberto Soldado, president fan it CIJB iepent de jûn. De 12 keatsteams wurde foarsteld oan it publyk troch Manon Draisma foarsitster fan O.K.K. Bitgum. De aftermovy fan de Van Aismadagen …
Gripe 2025
Wat wie it wer in fantastyske moaie gripe dei. Spannende partijen, moai waar it koe net better! Nei ôfrin muzyk fan DJ Quickfinger. Wy binne noch hieltyd oan it neigenietzjen. Dit wie wer de lêste ledepartij foar dit seizoen. Hjirby noch wat foto’s en de priiswinners. Nochris lokwinske allegear. Oant takom keatsseizoen!⚾👋💚 📸 Han Bosma 🎥 Bitgumernijs Harm en OKK …
Llargues 26, 27, 28 september ⚾👋💚
🎉 𝗣𝗿𝗼𝗴𝗿𝗮𝗺𝗺𝗮 𝗖𝗵𝗮𝗺𝗽𝗶𝗼𝗻𝘀 𝗟𝗲𝗮𝗴𝘂𝗲 𝗟𝗹𝗮𝗿𝗴𝘂𝗲𝘀 𝟮𝟬𝟮𝟱! 🔥 Beste sportliefhebbers en Llargues-fans, Het is zover: de 𝗖𝗵𝗮𝗺𝗽𝗶𝗼𝗻𝘀 𝗟𝗲𝗮𝗴𝘂𝗲 𝗟𝗹𝗮𝗿𝗴𝘂𝗲𝘀 komt eraan en we trappen af met een knallende 𝗽𝗿𝗲𝘀𝗲𝗻𝘁𝗮𝘁𝗶𝗲 𝘃𝗮𝗻 𝗵𝗲𝘁 𝗽𝗿𝗼𝗴𝗿𝗮𝗺𝗺𝗮! 🏆 📅 𝗗𝗮𝘁𝗮: 26, 27 & 28 september 📍 𝗟𝗼𝗰𝗮𝘁𝗶𝗲: Alddyk Bitgum 📌 𝗧𝗼𝗲𝗴𝗮𝗻𝗴 𝗶𝘀 𝗴𝗿𝗮𝘁𝗶𝘀 𝗲𝗻 𝗶𝗲𝗱𝗲𝗿𝗲𝗲𝗻 𝗶𝘀 𝘄𝗲𝗹𝗸𝗼𝗺! ⬇️ Voor vragen kunt u contact opnemen met 📲 0617616305 mber de iepeningsseremoanje dan lang …
































