Champions League Llargues Bitgum

Nei wiken fan gearkommen en opbouwen troch de Llargueskommisje en frijwilligers, kin op freed 26 septimber de iepeningsseremoanje dan lang om let losbarste. Wat is it in feestlik gehiel wurden. Alberto Soldado, president fan it CIJB iepent de jûn. De 12 keatsteams wurde foarsteld oan it publyk troch Manon Draisma foarsitster fan O.K.K. Bitgum. De aftermovy fan de Van Aismadagen waardt ek sjen litten. Dizze is wer prachtich makke troch Robin Bruinsma @rbcreativestudio.nl. Dizze jûn spile de band Jokers Wild en it dak gie derôf. 

Foto’s 📸 Henk Haar, Lieuwe Bosch, Bitgumernijs Harm en Han Bosma

🎥 Bitgumernijs Harm, KNKB Media en OKK Media

(5) Facebook (5) Facebook

Oan de jeugd waard ek tocht en die hiene op tongersdei einde midje in aktiviteit werby se priuwe koene oan Llargues foarmen. Dêrnei in lekker patatje fan Jannie fan ‘e snackgigant. 🍟

Sneon 27 septimber giet it keatsen los. Der wurd keatst yn poules bij it terrein fan Famylje Nauta en bij Famylje de Vries te Bitgum. De dyk is ôfsetten, dat de minsken kinne mooi hinne en wer rinne om by de ferskillende teams te sjen. De teams krije lunch fan De Broadsjebakker en it jûns iten waard fersoarge troch Café en Catering “it Grauwe paard”.

🏆 Uitslagen Poule A & B – Champions League Llargues 🏆

Poule A:

Team Franeker vs. Thieulain: 8-6

Thieulain vs. Montserrat: 8-4

Franeker vs. Montserrat: 8-3

Poule B:

VVV Sjirk de Wal vs. Isiéres: 8-2

Maubeuge vs. Isiéres: 8-4

Vvv Sjirk de Wal – Maubeuge: 3-8

Team Frentsjer en Team Maubeuge meie de heale finale keatse op snein.

🏆 Uitslagen Poule C & D – Champions League Llargues 🏆

Poule C:

OKK Bitgum vs. Bizkaia: 8-1

Bizkaia vs. La Rectoria: 0-8

OKK Bitgum vs. La Rectoria:  4-8

Poule D:

Sint Jacobiparochie vs. Tourpes: 8-5

Tourpes vs. Alzira: 8-2

Sint Jacobiparochie vs. Alzira: 8-0

Wat in geweldige middei fol spannende wedstriden! Mei fansels as kers op ‘e taart, team OKK Bitgum, wat ha jim ús genietsje litten! Team La Rectoria mei it opnimme tsjin Team St. Jacobiparochie yn ‘e heale finale. Middeis begûn de muziek mei Bakker en Niehaus en waard trochsetten mei de band Rauzer. It wie drok op ‘e dûnsflier.

🎥(2) Facebook 🎥(2) Facebook 🎥(3) Facebook 🎥(3) Facebook

Champions League LLargues zaterdag album Lieuwe Bosch 📸

De sneins set út ein om 10.00u mei prachtig moai waar, wer’t de earste heale finale begjint: Team NL mei stride tsjin Maubeuge. Team NL wint mei 8-0. Sint Jacobiparochie mei ek los tsjin La Rectoria, de folgende heale finale wer’t St. Jacobiparochie wint mei 8-2 fan La Rectoria.

De finale der meie stride Team NL en St. Jacobiparochie en Team NL wer’t alles krekt efkes mear by slagge wint mei 8-2 fan St. Jacobiparochie. Moaie partijen sjoen en der wurdt striden om ‘e eare. Se krije in moaie krans om ‘e nekke makke troch Iepie de Vries en Sjoerdsje Draijer 🌸🪷🌻De dei wurd ôslúten mei de band Sunshine en wat wie it ek prachtich waar it hiele wykein! Ek moaie komplimenten kriegen fan it CIJB foar de organisaasje. Wa wit wer we folgend jier hinne geane, der moat earst wol om striden wurde. 😉

🎥facebook.com/knkb.kaatsbond/videos 🎥(2) Facebook 🎥(1) Facebook CIJB 🎥

Champions League LLargues finale’s Zondag album Lieuwe Bosch📸

Llargues te Beetgum album Henk Haar 📸

(1) Facebook Droneflecht Bitgumernijs Harm 🎥

(5) Facebook

(5) Facebook

Wat in FAN-TAS-TISCH wykein! De Champions League Llargues sit derop en we ha in prachtiche winner: Team NL! Lokwinske mei dizze geweldige prestaasje! Tank oan alle taskôgers foar jimme komst, entûsjasme en support by de line del. In spesjaal wurd fan tank oan alle frijwilligers – sûnder jimme ynset hie dit evenemint net mooglik west. Tegearre ha we der in oantinken oan it libben fan makke.

Deel dit bericht