Foarjiersgearkomste 20 maart 2026

Om achten iepene Manon de gearkomste. It jierferslach en it finansjeel ferslach fan 2025 lizze op tafel om yn te sjen. Arnaud en Gea ha de saken goed op oarder. It jierferslach wie oan de lange kant, mar hoe kin it oars nei in jier mei fôlen op de Van Aismadagen, it jubileumboek en it Llargues-wykein, der is folle bard genôch om oer te fertellen.

De foarstellen fan de KNKB waarden besprutsen en der waard stimd.

Dêrnei krigen Hermine Bakker en Lisette Bosma, fertsjintwurdigers fan de jeugdkommisje, it wurd. Sy presintearren it ynformative jeugdblêd “de Nijsbûtser”. Se fertelden entûsjast oer de plannen foar dit jier en ha der in soad nocht oan om mei de jeugd wer it keatsfjild op te gean. Se bedankten Manon foar har ynset foar de jeugdkommisje. Willem Postma nimt har taak derien oer.

Dêrnei naam Simone Dijkstra it wurd. Sy fertelde dat se fertrouwenskontaktpersoan is foar ús keatsferiening, wat wy tige wurdearje. Se lei út wat dit ynhâldt en dat se te berikken is fia vcp@okkbeetgum.nl.

By de bestjoersferkiezing namen wy ôfskied fan ús bestjoerslid Arie Bottinga. Us tank is grut foar it enorme wurk dat Arie ferset hat! Gelokkich bliuwt er aktyf yn de materialekommisje.

Dêrnei ferwolkomden wy Johan van der Meulen as nij bestjoerslid. Johan hat earder yn it bestjoer sitten en rint al jierren mei, eins is er nea echt fuort west. It applaus wie grut en hy krige syn spjeld opset. Wolkom werom!

Johan syn earste taak wie om trije krukken del te setten. Ina Dijkstra, Jan de Groot en Hendrik Dijkstra waarden nei foaren roppen. Se seagen wat betiizjend en ferwachten “de 10 fragen oan…”. Mar der wie wat oars oan ’e hân: dizze trije hurde wurkers hawwe harren jierrenlang ynset foar OKK, hiene sitting yn it bestjoer en sitte yn ferskate kommisjes lykas de materialekommisje, ledenpartijkommisje en keurmeesterskommisje. Dêrom waarden sy beneamd ta “Lid fan Fertsjinste” mear as dik fertsjinne! Nei de gearkomste wiene se grutsk en yn ’e fleur: “No moatte wy mar nei Lodewijk ta foar in pak foar de Van Aismadagen! Wol in pak mei grutte bûsen want hoefolle konsumpsjebonnen soene wy no wol net krije? Op hokker tinte komt ús earepoadium?” En sa fierder.

Willem Postma ferteld dat De Wylde fan Aisma partij hieltyd mear foarm kriget! Wy wolle jim graach efkes bystypje oer de ûntwikkelingen fan ús Wylde fan Aisma partij. Underwilens hat de wurkgroep al ferskate kearen om de tafel sitten en de ynfolling fan de partij begjint hieltyd mear op syn plak te fallen.

In nije koers foar de sneon: Wy binne al ferskate jierren dwaande om mear minsken nei de keatsfjilden te lûken op de sneon. Tink hjirby oan, njonken de Hearen Haadklasse, de Hearen 1e klasse, de Dames Haadklasse en de Hearen Haadklasse ôfdieling. Dêr’t wy it foarhinne benammen by de profesjonele keatsers sochten, kieze wy no foar in oare oanpak: wy rjochtsje ús no mear op de ledenkeatsers.

Foar elk wat wils: Der is foar keazen om de hearen en froulju apart keatse te litten (fanôf 16 jier). Wy rjochtsje ús net allinnich op de aktive keatsers; ek âld-keatsers, minsken dy’t hielendal gjin affiniteit mei de sport hawwe, binne fan herte wolkom. Wy sykje de ferdivedaasje nammentlik breder as allinnich de tradisjonele boppeslach of sitbal. Neist it keatsen is der genôch romte foar muzyk en entertainment.

In twadde keatsarena: Wy binne op dit stuit drok dwaande mei it ûndersykjen of wy in twadde keatsarena realisearje kinne. Dit soe net allinnich in geweldige tafoeging wêze foar de Wylde partij, mar ek foar de Jong fan Aisma en de 50-plus partij. Ek kinne jim aanst in eigen mascotte ferwachtsje dy’t it gesicht fan dizze partij wurde sil.

De opzet fan it spul: It spul wurdt spile mei in luchtbal op ferskate fjilden mei elk trije perken. Ek de KNKB is op de hichte: it wurdt nei alle gedachten de earste kear dat in offisjele KNKB wedstryd tegearre mei in ‘Wylde partij’ hâlden wurdt. Hjirmei foldogge wy oan de winsk om it keatsen tidens de Van Aismadagen oan elkenien oan te bieden dy’t it spul beoefenje wol.

Hâld de socials yn de gaten! Takom tongersdei sitte wy wer byinoar om de folgjende puzelstikjes op it plak te lizzen. It duorret net lang mear foar’t de earste promoasje online komt. It giet los!

By de rûnfraag kamen noch in tal fragen nei foaren dy’t beantwurde waarden. Dêrnei wie it tiid foar in gesellige neisit!

Imre Dijkstra, tank foar it fêstlizzen fan de moaie foto’s 📸 en oant gau op it keatsfjild!

Deel dit bericht