Voorjaarsvergadering 22-03-2024 bij Sportcomplex “It Bosk”.

Met een mooie opkomst start onze voorzitter Jacob Wietse de vergadering om 20.00u. Manon verteld over de jeugd, Gea leest het jaarverslag voor en Arnaud heeft de boekhouding op orde. De punten voor de ALV KNKB worden behandeld en de leden stemmen toe met ons voorstel. Frans Dijkstra en Westra oftewel “sis mar Johannes” werden in het zonnetje gezet voor hun tomeloze inzet voor het kaatsen en OKK. Steven Hogendorp heeft ons helaas verlaten als bestuurslid. Wij zijn nog steeds op zoek naar een vervanger. Onder de foto’s mooie woorden van Jacob Wietse voor deze heren.

Frans Dijkstra

Foardat we oergean nei de rûnfraach wol ik jim namelik noch wat freechje. We binne in prachtige feriening mei in heel soad frijwilligers. En soms meie je san frijwillicher wolris yn it sintsje sette. Ien fan die frijwilligers is Frans Dijkstra. Begongen in 1985 as bestjoerslid. It jier derop lyk ponghâlder wurden en dat ek 6 jier dien. Hy hie de saakjes altyd goed op oarder en derom makke hy de stap yn 1992 nei de bûn om yn dieselde funksje fjirder te gean. Yn 1997 waard hy sels Directeur fan de KNKB. Nei 17 jier, werom keert nei OKK en fanôf 2009 yn allegear kommisjes únder oaren PR-, fjildlis, competitie, lyts Okk en sûnt 2018 de VA kommisje, nei syn dúdlike en positief krityske ynstjoert stik. Yn dizze kommisje haw ik Frans pas kinnen leart. Arbitrair, foarútstribjend, motivearjend, bedreaun, goedlachs en gesellich. Net allinne hast do OKK, de Van Aismadagen en de hiele keatssport by de hân nommen, mar ek my ien myn earste jierren as foarsitter. Mei al syn ervaringen hat hy my in soad leare kinnen wer ik ek wer nije ynsichten fan krieg en wie hy in klankboerd wer’t ik altyd mei sparre koe. Derom woenen wy as bestjoer fan Okk Bitgum, Frans Dijkstra foardrage as lid fan Fertsjinste en de leden wiene it der wol mei iens. De hânnen kamen op mekoar foar Frans!

Johannes Westra

Dan hawwe noch sa’n keatsreus yn ús midden by OKK Bitgum. Dan haw ik it oer Johannes Westra. Jierrenlang hat Westra aktyf west op it heechste niveau en wûn hy twa kear de PC. Yn 1968 en 1969. Yn dat earste jier pakte hy sels syn ‘klavertje vier’. Weinig keatsers dy’t dat sizze kinne.

Nei syn aktyfe keatskarriêre is hy yn 1977 yn it bestjoer kaam en hat lyk it sekretariaat fan Ome Co op sich naam. In moai bestjoer mei Bouwe Bokma, Marten Halbertsma, Meindert Hiemstra, Wiep Fierstra, Willem Riepstra, Chris Oostenbrug en Westra sels. Dat hat Westra 5 jier dyn en hat toen de hammer fan Bouwe Bokma oppakt.

Ek Johannes makke nei 6 jier foarsitter west te hawwen de oerstap nei de keatsbûn. Fan 1988 oant 1998 wie hij foarsitter fan de KNKB. Om dat dat noch net genôch wie, is Westra yn 2010 tatreden tot de keninklijke permanente commissie. Fanwege de ôfnimmende sûnens fan de doetiidske foarsitter Minne Dijkstra, naam hy dat jier it foarsitterskap oer. Ek dat hat d’r 6 jier dyn oant 2016.

Ek Johannes makke sich 2 jier letter soarchen oer de takomst fan de Van Aismadagen en is tegearre mei ûnder oaren Frans dus yn de nije Van Aismacommissie stapt. En dat typeert Westra, altyd yn it spier foar de keatssport en in oar. Sa betocht Westra yn 2019 de tientjesaksje werby by elke sit- of boppebal op de sneins, in tientsje doneert waard om bern mei in beheining sporte te litten. Dat smite 1440 euro op foar Sport Fryslan.

Mar wy fine it by Okk Bitgum no tiid om Johannes te eren en te bedanken foar al sien jierren by it keatsen en yn it spesjaal OKK. Derom woene wy graach en jim as leden, Johannes Westra foardrage als erelid fan Okk Bitgum. De hânnen kamen op mekoar foar Johannes!

Dan hawwe spitich genôch ek noch in âftredend bestjoerslid en dat is Steven Hogendorp.

Steven kaam yn 2019 yn it bestjoer. We binne by hem thús west toen hy noch yn Berltsum wenne. As partner fan Francien en sweacher fan Mariska en Johan, moest hy wol wat mei de keatssport hawwe. Sels wie d’r gjin Johannes Brandsma, mar gesellich ris in potsje keatse yn St Jabik, syn thús, fûn d’r altyd wol moai. Johan en ik binne dus by him thús west om hem d’r yn te lullen en nei wat aarzeljen, slagge dat ek noch. Steven fûn it in moai idee om sa wat mear minsken yn Bitgum en Bitgummole kinnen te leren omdat hy en Francien hjir harren dreamwenning bouwe soenen. En dat dat dan ek noch koe mei Johan d’r bij yn it bestjoer, kaam fansels hielendal moai út.

Do kriegest lyk in wichtige portefeuille, want do kaamst yn de Beheerskommisje. Wer ik tocht dat de Beheerskommisje mei Doeke al in bilkert tefolle hie, kaam d’r no sels ien bij. Neidast in pear jier yn de BC sitten hast, bist do yn de Van Aismakommisje kaam en hast do myn taak as foarsitter oernaam. Der wiedest do as in fisk yn it wetter. Feesten organisearje. Krek as Jacpop yn St Jabik wast do ek dyn hast. Ek de huldiging fan kommende wike organisearrest do mei.

Do en Frans hawwe in oantal jier in gouden duo west. Altyd skerp op de deadlines foar de draaiboeken en dúdlike mieningen oer hoe’t jim it ha woenen. Do kinst dy lang ynhâlde en soms miskien wol in bytsje te lang en dan begjint it ûnder de hûd te sudderjen. Mar at it dan op dat punt kaam en do wiedest it d’r net mei iens, dan waard dat ek even goed sein. En eltsenien koe dat ek fan dy hawwe want do bist in serieus man wer’t je mei hannelje kinne.

Ien fan de moaiste dingen dy’st do út St Jabik meinommen hast, is de hjoeddeistiche ynfulling fan de freedthjûn. De Borrelbingo. Ik tink dat d’r weinigen yn de doarpen fertrouwen hienen yn in Bingo op freedtejûn. Mei in soad skepsis waard d’r nei sjoen en wat wiedest do senuweftich doe’t alles klear stie om te begjinnen. Wat in fantastyske freedtejûn haw we hân. It wie krek as by it darten op tillefyzje. Nei elk baltsje waard de spanning heecher en heecher, en krek as by in 180’er, brulde de seal by it wurdsje by de klimax en stie de tent te triljen op de heilige keatsgrûn. In heel soad minsken lieten harren skepsis falle en wienen bliid mei dyn gedurfde stap foar de freedtejûn. Mei net op it lêtste plak de ponghâlder fan de beheerskommisje.

Mar de Borrelbingo rint no en ek it hûs op de foarmanderij is yntusken bouwt. Hjir wenje jim dan ek alwer in skoft en is d’r sels yn dyn bestjoerstiid in famyljelid bijkaam, jim soantsje Leon. It blonde hier hat d’r fan mem, dat is wol dúdlik.

It hûs stiet, mar de garaazje mat no hast ek wolris klear wêze. En dermei begjint Steven syn perioade nei it bestjoerdersskap. It hok mat klear. Steven sil ús net ferlitte, mar blieuwt sitting hálden yn de Van Aismakommisje as cultuurbewaker, regelaar en facilitair manager. Steven, ik haw it wolris tsjin dy sein, mar eins fierstente min. Hartstikke bedankt wast allegearre foar OKK en de Van Aismadagen dien hast en noch steeds dochst. Steven, we binne tige wiis mei dy.

De notulen en het jaarverslag van 2023 komen z.s.m. online onder het kopje over OKK.

Deel dit bericht