Jong Van Aisma activiteiten voor de jeugd

Vrijdag 25 augustus werden de kinderen bij verschillende haltes uit de dorpen opgehaald met een ouderwetse gele schoolbus. Toen ze het veld opkwamen hoorden ze nogal wat gesnurk uit een tent. Manon Draisma, voorzitter van de jeugdcommissie moedigde de kinderen aan om de snurkers wakker te schreeuwen en al snel kwamen Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Hiemstra uit de tent, met slapende ogen om de kinderen een kaatsclinic te geven. Er waren maar liefst 5 ronden met activiteiten waaronder een spelletjesplein, schminken, goocheltrucs, springkussens, speelveld voor de kleinsten en nog veel meer. De oudste jeugd kon zich vermaken met Jachtseizoen Dropping.

Zaterdag 26 augustus werd er een ware color run georganiseerd voor de oudere jeugd en zo kwam Tomke op bezoek voor de allerkleinsten. Het verhaal werd voorgelezen door Gryt de Groot, samen geschreven met Manon Draisma. Het verhaal van Tibbe giet nei de van aismadagen is hieronder te lezen.

Foto’s 📷 Han Bosma en Bitgumernijs Harm

It Van Aisma Foarlês Ferhaal Tibbe giet nei de Van Aismadagen Tibbe, Tibbe, do moatst wekker wurde! Seit syn mem. Wy geane wat leuks dwaan, it wurd in bysûndere dei. Ja Tibbe, kom mar gau, laket heit. Tibbe stapt fan ’t bed, docht syn gerdyntsjes iepen en ferhip, wat sjocht hy dêr: de flage op’ e tsjerketoer! Gau waskje, de klean oan, wat ite en drinke en dan stapt Tomke efterop by heit op de fyts. Undertusken race Brend en Nyls ek op hun fytskes foarby. It doarret efkes en der komme Jan en Simone ek lâns, se kinne de jongens net by hâlde. ‘’Ha buorlju, sille jim ek nei de Van Aismadagen, oant straks’’ Se fytse rjochting Tsjerke de buorren yn. Heit moat hurd traapje om by de terp op te klimmen, mar ienkear boppe set heit in gong en zoeeeef sa fleane se hiel hurd nei ûnderen by de terp del. Nei een fytstocht troch it bosk, sjocht Tibbe ynienen in hiel moai blomstik boppe de âlde historyske poarte fan Sportcomplex It Bosk. ‘’Hawwe allegear froulju út it doarp makke ôfrûne jûnen, ist net prachtich’’ seit mem. Se stappe fan’ e fyts, rinne oer it foodplein mei allegear weintsjes mei lekkers, sa as patat en iisco’s.

Fjierderop sjocht Tibbe de sweef en de draaimole. En as hy noch efkes langer sjucht, is der noch folle mear. Heit en mem sette de fyts del, en der sjocht Tibbe in man rinnen mei hiele bysûndere skuon. It lykje wol foto’s fan de blomkes boppe de poarte, en it logo fan de keatsferiening, en oh sju, ek noch bekinde gesichten. Is’t net moai Tibbe? Seit mem. Dat is Willem, hy sit yn it bestjoer fan keatsferiening OKK. Dat docht hy al jierren en hy is sa gek op skuon en grutsk op de Van Aismadagen, dat hy no spesjale Van Aismadagen Skuon hat. Ist net geweldich? Tibbe is der stil fan. Dan geane Tibbe, heit en mem nei it keatsfjild. By de kassa steane aardige minsken dy’t efkes in praatsje meitsje en eltsenien in moaie dei tawinskje. De grutte minsken krije ek polsbandjes om. En dan sjocht Tibbe de keatsarena. Tribunes, banken, telegrafen, in feesttent mei in prachtich terras, sponsorboarden, parstinte, bestoerstinte… Hy sjocht syn eagen út. ‘’Ik ha dit noch net earder sjoen mem.’’ ‘’Dat kloppet, dit wurdt hjir spesjaal foar dit Van Aismawykein delsetten. Troch in hieleboel frijwilligers dy’t hjir dagen mei dwaande binne, wiken lang, en dat elts jier wer! Sûnder dizze minsken, koe dit net bestean! Oh en sjoch, wat blinkt en klinkt der? Der sit it korps Harmonie Bitgum. HELAAAA BOPPEEEEE! Der komt in keatser oandraven, oh sjoch, it is Hans, de heit van Wout en Jort. Hans keatst op it heechste nivo en hat alle belangrike wedstriden al wûn. Hy slacht krekt in bal boppe. ACHTERUIT! En der heart Tibbe Tjisse. Tjisse hat it keatsen leard op dit fjild, wûn earder op dit fjild de Tjeerd Bakker party van Lyts OKK en keatst no op it heegste nivo, hjoed in syn eigen doarp. Hy soarge krekt foar in dikke sitbal. Oh en sjoch, der draaft Ilse oer it fjild mei in wyt blokje yn ‘e han. Se mei de earste keats oanmerke. In eintsje fierderop sit Hylke op de telegraaf de punten by te hâlden. Tibbe, heit en mem geane in rûntsje om it fjild. It is drok. Der binne in soad bekinde, mar ek ûnbekinde minsken; as je se no kinne of net, elkenien is bliid en aardich.

Der sjocht Tibbe neist de bestoerstinte in moaie foto van bekinde minsken. Jelmer stiet der ek by. Hy hat mei Meinte en Roan it Nederlâns Kampioenskip foar pupillen jongens wûn. Jelmer is no fuort te keatsen yn in oar doarp, mar hy komt straks ek. Pake Kobus is der wol. Hy hat foarsitter west fan de keatsferiening en is no earelid.

Dan stiet Tibbe foar de bestjoerstinte. Der steane allegear moaie prizen en Jacob Wietse Dijkstra sit der mei de mikrofoan. Sa kin hy trochjaan wannear as de keatsers los moatte as wat oars omroppe. Jacob Wietse is foarsitter. Hiel bysûnder is dat syn mem ek yn it bestjoer sitten hat én syn heit ek foarsitter west hat. Syn suske Imre docht ek fan alles foar OKK. By Jacob Wietse binnen in pear minsken, dit binne de oare bestjoersleden. En der komt al wer in frywilliger oan, ah sjuch, it is de beppe van Jesse en Lars. Se jout de misken fan de pars efkes in bakje kofje. ‘’Ha Yfke’’, ropt Tibbe. Der rint Yfke mei har heit Johan. Johan hat hjir ek faak keatst, mar dat docht hy no net mear. Johan is no ek frywilliger en wie krekt mei Yfke underweis nei de sweef, wer’t Mariska en Esmée tegearre yn sitte. ‘’He Tibbe, jimme hjirre ek, giest ek mei yn de sweef?’’ Tibbe sjocht freegjend nei mem. “ wat no Tibbe?” seit mem. ‘’Dy sweef liket my wat te grut en eins wol ik ek frijwilliger wêze, ik wol ek meihelpe mei it organisearjen fan dit moaie feest en minsken bliid meitsje’’. ‘’Kin altyd leave, seit Johan’’ ‘’Ik wit wol wat Tibbe, kom mar efkes mei’’ Tibbe rint achter Johan oan en hy krijgt een kuorke út it hok. ‘’Sjoch Tibbe, moast sjen wat hjir yn sit, diel dit mar út oan alle bern, dy makkest dan hiel bliid. En ast klear bist, komst dan nei de merke? Dan meist mei Esmée en Yfke in rûnstje in de draaimole’’. ‘’En wist Tibbe, it leukste fan dit alles, is dat je it meielkoar dogge. Do meist dit taakje ek tegearre mei ien dwaan.. ik haw in hiel bysûnder hulpke foar dy. ‘’Dat is in goed idee Johan, wat fantastysk om dit mei te meitsjen!’’ ‘’Dat is no it moaie fan keatsen, de bal is rûn’’ seit Johan mei in knipeach’’

Gryt: binne jimme ek sa benijd wa’t Tibbe helpe kin? Sille wy ris efkes freegje oft de hulp der by komme wol?

Posters verzorgd door Krekt wat reclame

Deel dit bericht